De sike ko

Earder publiseare yn: It Ark nû. 82 2023-02, s. 24 (by oername fermelde).

Joris fertelt.

Ik ha ien kear in sike ko hân, dy sakke yn 'e molke. Lit ik sizze dat dy earst fyftjin liter joech en dat hâlde no mei sân, acht op, en suterich. Dan is der wat. Feearts der by, dy koe neat fine. Klopje, lústerje, neat. Hy sei: 'Ik kin it net fine. Ik wit it net.' Ha'k him de jûns opbelle, ik sei: 'Ik wit it al.' Der lei in groue stien, dy wie út it hea meikommen, dy lei ûnder de tonge fan it potsje: de ko hie net dronken, dagen net dronken.

Sjoch, as wy oan it fuorjen wienen en der kaam fan dat wiete moal foar, dan moasto mei de biezem in plakje meitsje en dan waard dat spul, dy kwak, dêr delgoaid. Asto oan it foarwei feien wiest, dan moasten wy ek altyd kuil- en hearesten út it potsje pakke en yn 'e groppe goaie.

By it heajaan is der in stien yn rekke, wat hiel frjemd wie. Dy lei presys ûnder de tonge fan it drinkpotsje. De ko koe dy net yndrukke. Ik begong te sykjen en potferdoarje. It drinkbakje wie net smoarch, mar ik fielde der dochs yn: 'Krijt er wol wetter?' In stien. Dúdlik.

'No,' sei de feearts, 'dat is hiel apart.' Hy sei: 'Dat ha ik noch noait meimakke.'