‘Durk Kwartsje’

Earder publiseare yn: It Ark nû. 82 2023-02, s. 27 (by oername fermelde).

Westra Boadetsjinst út Hitsum hat in kapwein mei in hynder derfoar. Dermei hellet hy yn Frjentsjer de troch doarpsbewenners en boeren bestelde boadskippen op. Hy hat derfoar in minimumtaryf, ƒ 0,25, in kwartsje. Op sa’n doarp steane je dan al gau bekend as ‘Durk Kwartsje’: ‘Dat moat Durk Kwartsje mar efkes út Frjentsjer helje.’

Oan de famylje Viëtor levert hy geregeldwei benzine foar harren trije stasjonêre motoren. Joris fertelt: ‘Hy hat altyd in bûtenbân fan in frachtauto yn de karre. As hy dan sa’n fol fet benzine brocht, goaide hy dy der út, liet it fet fan de wein ôfrolje en op dy autobân stuiterje. Dy fong de klap op, dan hoechde hy net te tillen.’