40 jier AFRON; Bylden út de skiednis, Linen nei de takomst

Yn 2024 bestie de AFRON 40 jier. Njonken in slagge jubileumdei brocht de redaksje fan It Ark ek in jubileumnûmer út. Troch de tsjokte fan dit boek mei it ek wol jubileumboek neamd wurde!

De titel fan de útjefte is 40 jier AFRON; Bylden út de skiednis, Linen nei de takomst. De ynhâld docht dy namme eare oan. De lêzer wurdt meinaam yn 40 jier AFRON.

Sa wurdt út de doeken dien hoe't de kym foar AFRON al yn septimber 1983 lein waard troch in ynstjoerd artikel yn de Ljouwerter Krante. Dêryn waard oproppen ta in feriening foar it oprjochtsjen fan in lânboumuseum. Goed fjouwer moannen letter wie it kymke boppegrûnsk en wie AFRON in feit. De lêzer wurdt meinommen troch de ûntwikkeling fan de feriening. Wiidweidich binne de beskriuwingen oer de earste tweintich jier. Yn blokken fan fiif jier is te sjen wat AFRON út ‘e wei set hat. De ynlike gearwurking mei lânboumuseum De Brink, dêr't in skoft it AFRON dokumintaasjesintrum fêstige wie, komt moai út de farve, lykas de kontakten mei it Fries Landbouwmuseum en oare organisaasjes.

De lêste tweintich jier binne ‘yn grutte halen’ beskreaun. Dy skiednis leit wat tichter by, mar litte ek in hiel aktive feriening sjen, wêrby't de feriening of yndividuele leden aktiviteiten ûntwikkelje op it mêd fan agrarysk erfgoed. Oan de ein fan it boek wurdt de ferbining makke mei de takomst troch in pear rinnende projekten te beskriuwen.

Blauwe tried troch it boek is it stripferhaal oer it touslaan, in âld ambacht. Tou wie op de pleats in ûnmisber produkt. Net allinnich it stripferhaal befettet foto’s. De hiele útjefte is ryklik yllustrearre. Ut dy illustraasjes docht bliken wat AFRON dien hat yn de lêste 40 jier. In wichtige aktiviteit fan AFRON is de demonstraasje fan lânboutechniken. Dêrmei lit de útjefte yndirekt in byld fan de ûntwikkelings yn de lânbou sjen. Dêrmei is it in nijsgjirrich boek wurden foar elkenien dy't ynteressearre is agrarysk Fryslân, âld en nij.

It jubileumboek is ynkoarten te krijen by inkele ferkeappunten yn de provinsje Fryslân. Jo kinne it ek by ús bestelle troch ús in e-mail te stjoeren. De útjefte kostet € 13,50 (eksklusyf ferstjoerkosten).

Voorkant Jubileumuitgave