Hinnetreppen yn Fryslân
In pear jier lyn stie yn in hobbyblêd in artikel oer hinnetreppen yn Fryslân. It gie foaral om de fraach: binne der noch wol hinnetreppen en wurde se noch brûkt.
Hoe sjocht in hinnetrep derút?
It meast opfallend oan in buorkerij is dan ek de hinnetrep mei syn rjocht opsteande spyltsjes dy’t meastal twa bij twa of trije bij trije om en om read en wyt ferve binne. Hij begjint in eintsje fan ‘e grûn ôf skean nei boppe nei it hinnegat yn ‘e achterhúsmuorre. It trepke giet yn in soad gefallen heal foar it húskerútsje del. Ek sjocht men in inkele kear, dat de yngong net troch de muorre giet, mar troch de (oes)pannen.

Yn ‘e hûs in hinnematte dy’t as nachthok tsjinnet en wêr’t ek de foerpanne en it nêst sitte.De matte kin ôfsluten wurde mei in skúf, ek mei om de murden bûtendoar te hâlden. Bûtendoar tsjin de sydmuorre sjocht men faak in hinneloop of hinnerin wêr’t de hinnen deis fêsthâlden wurde kinne. Mar ek mei in doarke om se los op ’t hiem rinne litte te kinnen. Dat skeelde yn ’t iten (Der waard net folle tiid yn ‘e hinnen stutsen, at se mar aaien leinen).

Wat is it: hinnetrep of hinneljedder?
Der is net sa folle skreaun oer trepkes. De inkele kear, dat der in artikel yn krante en tiidskrift stiet wurde beide trochinoar brûkt.
Mar wat is it ferskil tusken in trep en in ljedder? In trep hat platte triemen en in ljedder rjochtopsteande. In trep is meastal fêst en in ljedder los.
Wij hiene thús in ljedder dat wij noch hieltyd it hinneljedderke neamden. It wie in lyts ljedderke dat wij brûkten om op ‘e souder fan it lytsbûthús te kommen wêr’t it strie lei. It stuts mar krekt boppe de souder út. Logys, om bij de hinnen op ‘e matte te kommen kinne je net in te lange ljedder kwyt.
Wa wit noch mear?
Ik haw foar de koroanatiid in tritichtal hinnetrepkes fine kinnen, de measten yn ‘e Dongeradelen en de Wâlden.
Wêr binne noch mear. Wa fan de lêzers kin mij fertelle wêr’t noch mear treppen binne (ek bûten de provinsje?
Ek op plakken wêr’t de trep net mear oanwêzich is kinne je soms noch sjen, dat der ien west hat. It hinnegat is dan tichtmitsele en dat falt op. Of yn in inkeld gefal is it gat tichtmakke troch it skildsje foar it hinnegat fêst te setten.
Hjirnei inkele foto’s fan hinnetreppen. Yn ferbân mei de privacyregels kin der (ynearsten) gjin plaknammen bij set wurde. It is de bedoeling, dat dat yn de takomst wol sil. Nei tastimming fan de eigner!








