Boereheadei 18 juli 2021

18 juli 2021

Understeand berjocht hawwe we jim in pear wiken lyn tastjoerd, mar doe koe fanwege it wiete waar op 5 july de boereheadei net trochgean.
No hat De Wolff hea makke fan de twadde sneed en liket it waar foar kommende snein goed.


Nostalgyske Boereheadei, snein 18 july

Mei oldtimer-trekkerkes, dito meanmasines, heaskodders, swylmasines, heaparsen, heaharken en heafoarken, hearuters, en noch mear boere-ark sille in hiele ploech boeren en 'buitenlui' wer ûngetiidzje sa't dat fyftich jier lyn barde. Der wurdt skodde-mei-it-hynder, meand mei in trekkerke, hea swile mei autentike âlde masines, der wurde wurdzen makke, hea yn 'e bult en op ruters setten, de heaparsen meitsje pakjes, de heaweinen wurde fol foarke en opladen, folle net genôch! Teedrinke mei de boeren op it fjld? Dat heart derby fansels! Of in ritsje mei trekker en wein nei de fûgeldobbe? Ek dat kin.

It sil barre op it fûgeltsjelân fan Titus de Wolff tusken Flânsum en Raerd.

Snein, 18 july is it safier. Om 2 oere geane de manlju en froulju los!

Alde tiden komme op 'e nij ta libben! Wa't it sjen en belibje wol is fan herten wolkom. Tagong en parkearen: fergees.
Der is rom plak foar jo auto of fyts op it boerelân, dus net yn de berm parkeare.

Foar mear ynformaasje: Titus de Wolff, Flânsum 5, Raerd, 06-22378947

 

Boereheadei GIET NET TROCH!!!!!

3 juli 2021

Mei oldtimer-trekkerkes, dito meanmasines, heaskodders, swylmasines, heaparsen, heaharken en heafoarken, hearuters, en noch mear boere-ark sille in hiele ploech boeren en 'buitenlui' wer ûngetiidzje sa't dat fyftich jier lyn barde. Der wurdt skodde-mei-it-hynder, meand mei in trekkerke, hea swile mei autentike âlde masines, der wurde wurdzen makke, hea yn 'e bult en op ruters setten, de heaparsen meitsje pakjes, de heaweinen wurde fol foarke en opladen, folle net genôch! Teedrinke mei de boeren op it fjld? Dat heart derby fansels! Of in ritsje mei trekker en wein nei de fûgeldobbe? Ek dat kin.

It sil barre op it fûgeltsjelân fan Titus de Wolff tusken Flânsum en Raerd.

It waar moat alles fansels mooglik meitsje. Sneon, 3 july is it safier. Om 2 oeren geane de manlju en froulju los! (En as it sneon om it waar net kin, dan 'breekt nood wetten' en giet it oan op snein 4 july om 2 oere! )

Alde tiden komme op 'e nij ta libben! Wa't it sjen en belibje wol is fan herten wolkom. Tagong en parkearen: fergees.

Der is rom plak foar jo auto of fyts op it boerelân, dus net yn de berm parkeare.

Foar mear ynformaasje:

Titus de Wolff, Flânsum 5, Raerd, 06-22378947

 

Meidieling

2 juli 2021

Meidieling

Ut namme fan Titus de Wolff diel ik mei dat de Nostalgyske Boereheadei fanwege it wiete waar net trochgiet.

Jim krigen earder berjocht dat dat wêze soe op sneon 3 of snein 4 july.

We wachtsje op bettere omstannichheden. As it safier is dat it trochgean kin, dan dogge we jim berjocht.

 
Kijk voor meer nieuws in het nieuwsarchief »