oer ús
It lidmaatskip fan de feriening is ........ € 20,00 it (kalinder)jier, te foldwaan yn jannewaris fan dat jier, troch oermeitsjen nei nûmer NL10 RABO 0333 3409 57 op namme fan Feriening Afron. Wol jo namme en wenplak dêrby opjaan.
It abonnemint op ús ledeblêd It Ark is by it lidmaatskip ynbegrepen. Lykas it tastjoeren fan de digitale nijsbrief De Kroade as wy jo emailadres ha.
De Afron is in samling minsken, ynstellingen en bedriuwen dy't âld ark, boerereau en ambacht bewarje, yn bedriuw en yn stân hâlde en demon-strearje litte kinne, en/of har, dy't dêr niget oan ha.
Har ferhalen oer gebrûk en tradysje, foarfallen en feardigens tekenje wy op yn de taal dy't sy yn it deistich libben brûke. It binne de ferhalen fan minsken mei de fuotten yn modder of dong en de hannen ûnder de smaroalje.
De feriening hat as doel út it agrarysk ferline fan bedriuw, ambacht en yndustry yn Fryslân fia tredden of sels saken te registrearjen, sammeljen, út te stallen en te bewarjen (art. 2).
• om yn kleare streken de technyske ûntjouwing sjen te litten en as it kin te demonstrearjen
• om dokuminten en audio-fisueel materiaal te sammeljen en de ynhâld tagonklik te meitsjen
Fierder de tagonklikens fan hjoeddeiske agraryske bedriuwen foar ynteresseard publyk te stypjen.
En ta beslút foar de leden in sintraal administraasje-, ynformaasje- en oerlizorgaan te wêzen.
De middels om dizze doelstellingen te berikken binne ûnder oaren (art. 3)
• it stypjen fan elkoars aktiviteiten en it befoarderjen fan ûnderling kontakt en gearwurking
• it jaan fan ynformaasje oer it wurk fan de feriening en har leden
• it organisearjen fan ekskurzjes en manifestaasjes wêrop de leden meer bekendheid jaan kinne oan it wurk en de doelstellingen fan de feriening
• it belizzen fan gearkomsten dy't it realisearjen fan it doel fan de feriening stypje kinne
• it behertigjen fan mienskiplike oangelegenheden
It bestjoer wurdt foarme troch:
• Siebren van der Zwaag, Tsjummearum, foarsitter
• Lisette Neijts, Deinum, skriuwer
• Arjen Dijkstra, Nes (NeF), ponghâlder
• Joris Viëtor, Sweins, lid
It skriuwadres is:
Heechpaed 8
9033 XJ Deinum
It bestjoer is ek hjir berikber.