privacyferklearring fan feriening Afron
v00.00
Yn dizze privacyferklearing sette wy útien hoe't de feriening Afron omgiet mei de persoansgegevens fan har leden, donateurs en oare brûkers fan ús tsjinsten en/of dielnimmers oan ús aktiviteiten. Dat kinne ek tsjinsten en/of aktiviteiten fan tredden wêze dy't wy stypje. De fêstlizzing fan gegevens kin plakfine online op of fia ynternet, mar ek offline mei kompjûter en/of op papier.
Wat soarte gegevens wurde ferwurke?
De gegevens dy't wy ferwurkje hingje ôf fan de tsjinst en/of aktiviteit dy't oan 'e oarder is. Dat kinne persoansgegevens wêze, mar dêrneist ek oare gegevens. Wolle jo ynformaasje oer de persoansgegevens dy't wy fan jo hawwe, stjoer dan in berjocht oan ús.
Foar hokker doelen wurde de gegevens ferwurke?
Feriening Afron ferwurket gegevens foar ferskate doelen:
- de registraasje fan leden en donateurs
- it ferstjoeren fan It Ark, De Kroade, rekkens en oare korrespondinsje of oanbiedingen per post of per email
- om te foldwaan oan wet- en regeljouwing dy't foar feriening Afron jildt, wêrûnder dy yn ús statút, en fierder ûnder oaren om fraude of strafbere feiten foar te kommen
Mei wa wurde de gegevens dield?
Feriening Afron stelt allinnich gegevens beskikber foar safier yn oerienstimming mei de wetjouwing oangeande de privacy. Dat betsjut bygelyks, dat per post of email tredden ynskeakele wurde kinne: PostNL en/of ûnderoannimmers, de host fan de webside of email-programma's. Afron ferkeapet gjin gegevens oan tredden, en wy dogge muoite dat persoansgegevens binnen de EU bliuwe.
Op hokker grûn wurde persoansgegevens ferwurke?
Feriening Afron ferwurket allinnich persoansgegevens as dat wetlik tastien is:
- foar de útfiering fan de rjochten en plichten fan lidmaatskip of donaasje, of brûker fan tsjinsten of dielnimmers oan aktiviteiten fan ús of dy't wy stypje
- by in wetlike ferplichting, sa moat de boekhâlding sân jier bewarre wurde
- by in rjochtfeardich belang, bygelyks om it funksjonearjen fan de feriening te ferbetterjen
- op grûn fan jo tastimming: as net ien fan boppesteande punten fan tapassing is, allinnich mei jo útdruklike tastimming
Hoe lang wurde gegevens bewarre?
Sa lang as it needsaaklik is foar it doel wêr't de gegevens foar krigen binne, of om te foldwaan oan wetlike ferplichtingen. By in lidmaatskip of donateurskip op syn heechst sân jier nei de ein dêrfan en mooglik koarter.
Hoe wurde de persoansgegevens befeilige?
Wy ferwurkje de gegevens safolle mooglik los fan ynternet en op sa min mooglik plakken. De Afron-webside makket gjin gebrûk fan cookies en allinnich statistyk fan besites oan de siden wurde fêstlein, sûnder ynformaasje oer de besite sels.
Hoe wurket de privacy by links nei oare websiden?
Op ús webside stean in tal links nei oare websiden. Wy binne hoeden mei de seleksje dêrfan, mar binne net ferantwurdlik foar it brûken fan jo gegevens troch de eksterne organisaasjes. De privacyferklearring op de eksterne webside is dan fan tapassing.
Wizigingen yn dizze privacyferklearing
Feriening Afron behâldt har it rjocht foar om wizigingen yn dizze privacyferklearing oan te bringen. By grutte(re) wizigingen stribje wy der nei dy yn It Ark en/of De Kroade bekend te meitsjen.
Jo rjochten
Wolle jo witte hokker persoansgegevens wy fan jo fêstlein ha, of wolle jo gegevens wizigje (litte) of wiskje (litte) yn oerienstimming mei de dêrfoar jildende regeljouwing, lit ús dat dan troch in berjocht witte.
Jo fragen
As jo noch fragen hawwe oer ús privacybelied, dan kinne jo dat ek fia in berjocht witte litte. Of stjoer jo reaksje nei it adres fan it sekretariaat fan feriening Afron, Hoatse de Jongstrjitte 8, 9057 RK Jelsum.