werbestimme

De oprjochters fan ús feriening en de aktive (bestjoers)leden dêrnei binne al heech op jierren, foar safier’t se net slim siik of al ferstoarn binne.

Sy ha yn al dy jierren faaks mei liif en siel in samling opboud. En freegje har no ôf ‘wat bart dêr mei at ik der net mear bin?’.

Jo samling ark en/of boerereau moat ynventarisearre, dokumintearre en wurdearre wurde. No! Net earst as de container moarn foar de doar stiet. Sa kin jo samling letter in nije bestimming krije. Nim hjir kontakt mei ús op of belje 06-13 68 39 03.

Oaren hawwe aktyf west yn organisaasjes op it mêd fan ‘e lânbou. Sy ha in protte argyfmateriaal en wolle dat no opromje. It Afron-dokumintaasjesintrum kin dat ynnimme en soargje foar in goed plak. Nim hjir kontakt mei ús op, of belje de behearder op 06-13 68 39 03.

Freed 9 desimber 2022 hat it Fries Landbouwmuseum in learsum sympoasium holden oer ‘de toekomst van onze agrarische collecties’.

It ferskil yn soarch foar it agrarysk erfguod yn Fryslân/Nederlân en yn Flaanderen/Brussel falt op en docht sear.

Wy meitsje puntsgewys gearfettingen van de lêzingen. En formulearje in doel. Mei yn ‘e spegel ús suderbuorlju. Lês.fierder.»»