De Golle

De Golle is de namme fan it Dokumintaasje-sintrum fan Afron. Op foarrie binne boeken, tydskriften, folders en oare dokumintaasje. It adres fan it dokumintaasjesintrum is: Buorren 2, 9041 BA Berltsum.

It materiaal kin ûnder sekere betingsten útliend wurde. Dûbeld materiaal kin tsjin stipe oan ús boekefûns oernommen wurde. De leechste fraachpriis op internet jout dêrby in yndikaasje foar jo stipe.

Besite op ôfspraak, of belje 06-13 68 39 03.

Der is ek digitale dokumintaasje, Dizze dokuminten kinne jo hjirûnder ynsjen. Sjoch ek op de webside oer de Fryske lânbou-arkfabrikanten.

Digitale dokumintaasje

Fragen oer dokumintaasje

Hawwe jo fragen oer ús digitale dokumintaasje? Belje: 06-13 68 39 03