Oer stifting AFRON
De AFRON (Agrarysk Fryslân Oald en Nij) bestiet út minsken, ynstellingen en bedriuwen dy’t âld lânbou-ark, ark en ambachten bewarje, yn gebrûk hâlde en ûnderhâlde, en dy’t dit ek demonstrearje kinne (of litte), en/of minsken dy’t dêr yn ynteressearre binne.
Harren ferhalen oer gebrûk en tradysje, foarfallen en feardichheden lizze wy fêst yn de taal dy’t se yn it deistich libben brûke. It binne de ferhalen fan minsken mei de fuotten yn ’e modder of dong en de hannen ûnder de fet.
Dêrmei bewarje wy net allinnich it âlde, mar ek de taal. Taal, gebouwen, guod, feardichheden en tradysjes kinne sa mei-inoar bestean bliuwe.
De feriening hat as doel om saken út it agrarysk ferline fan bedriuw, ambacht en yndustry yn Fryslân fia tredden of op eigen inisjatyf te registrearjen, te sammeljen, tentoanstelle en te bewarjen (art. 2). Hjirûnder in oersjoch:
- Technyske ûntwikkeling toane: It yn dúdlike linen sjen litten fan ’e technyske ûntwikkeling en, wêr’t it kin, it demonstrearjen dêrfan.
- Ynhâld tagonklik meitsje: It sammeljen fan dokuminten en audiovisueel materiaal en it tagonklik meitsjen fan de ynhâld.
- Belangstelling befoarderje: It fergrutsjen fan de tagonklikens fan hjoeddeiske agraryske bedriuwen foar belangstellenden.
- In sintraal oargaan wêze: Fungearje as sintraal administraasje-, ynformaasje- en oerlisoargaan foar de leden.
De middels om dizze doelstellingen te berikken binne ûnder oaren (art. 3):
- Elkoar stimulearje: It stimulearjen fan elkoars aktiviteiten en it befoarderjen fan ûnderlinge kontakten en gearwurking.
- Ynformaasje jaan: It jaan fan ynformaasje oer it wurk fan de feriening en har leden.
- Aktiviteiten organisearje: It organisearjen fan ekskurzjes en manifestaasjes dêr’t de leden de feriening en har doelstellingen ûnder de oandacht bringe kinne.
- Gearkomsten hâlde: It organisearjen fan gearkomsten dy’t bydrage oan it ferwêzentlikjen fan it doel fan de feriening.
- Belangen behertigje: It behertigjen fan de mienskiplike belangen.

Bestjoersleden AFRON

Lisette Neijts |
Deinum
Sekretaris

Siebren van der Zwaag | Tsjummearum
Foarsitter

Joris Viëtor |
Sweins
Lid

Arjen Dijkstra |
Nes (NeF)
Skathâlder
Slút jo oan by AFRON
It lidmaatskip fan de feriening is € 25,00 it jier (kalinderjier), te beteljen yn jannewaris fan dat jier troch oerskriuwing nei nûmer NL10 RABO 0333 3409 57 op namme fan Feriening AFRON. Graach jo namme en wenplak fermelde by de oerskriuwing.
It abonnemint op ús ledenblêd It Ark is by it lidmaatskip ynbegrepen. Lykas it tastjoeren fan de digitale nijsbrief De Kroade as wy jo e-mailadres hawwe.
Nije leden kinne harren hjir oanmelde. Wizigings yn de gegevens fan besteande leden ûntfange wy graach fia dit formulier.
Us privacybelied lêze jo hjir.

Ien grut museum
Ús leden-samlers foarmje mei de by ús oansletten musea en oare erfgoedynstellingen in libbendich netwurk. Fan hinne-trapkes oant Farmall-trekkers: ús samlers hawwe it én fertelle der mei passy oer. Jo fine se hjir.
It is erfgoed fan de lânbou en it plattelân. Wolle jo ek in plak yn dit oersjoch?
Stjoer ús in berjocht.
De by ús oansletten musea en oare erfgoedynstellingen/manifestaasjes: